Aksje tsjin leechfleaners

16 aug 2001 - 00:00

Steatsboskbehear komt yn aksje tsjin sportfleaners dy't te leech oer it Waad fleane. De fleantugen meie yn it gebiet net leger as 450 meter fleane. In soad piloaten soene har dêr net oan hâlde.

It Waad hat de status fan beskerme natuerreservaat. Fûgels wurde lykwols hieltiten mear steurd troch sportfleantugen. De sportfleaners binne wat fernuvere troch de krityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)