Aksje tsjin jeugdwurkleazens

14 apr 2014 - 07:10
  • 'Help Talent' yn aksje tsjin jeugdwurkleazens
  • It kampanjeteam giet mei âlde Dafkes Fryslân troch

In provinsjaal aksjeplan moat hûnderten Fryske jongeren oan in baan helpe. Gemeenten, ROC's en it UWV begjinne moandei mei in kampanje dy't bedriuwen der ta oansette moat om meielkoar 650 wurkleaze jongeren in baan te jaan. Op dit stuit binne der yn Fryslân goed 4.000 jonge minsken dy't gjin wurk ha. Dat komt del op 5,9 %.

De kampanje Help Talent wurdt ôftrape mei ferskate ûndernimmers, wêrûnder Omrin en De Vries Skipsbou yn Makkum. It is de bedoeling dat ûndernimmers oare bedriuwen oproppe om jongeren yn tsjinst te nimmen.

De Dafkes sille yn seis dagen tiid by 500 bedriuwen del. De kampanje bestiet út reklamespotsjes op radio en tillevyzje en in stimulearringsregeling, wêrby't wurkjouwers 2500 euro krije kinne foar it oannimmen fan in jongere. Fan dy saneamde vouchers binne al 40 útdield foardat dizze publisiteitskampanje begûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)