Aksje tsjin homoseks Ulesprong

27 apr 2009 - 11:45
  • Rekreaasjeterrein Ulesprong oan de Tsjûkemar
  • De gemeente wol de boskjes 'drastysk ynkoartsje'

De gemeente Skarsterlân komt op 'e nij yn aksje tsjin homo's dy't seks ha yn rekreaasjegebiet De Ulesprong by Sint Nyk. Befeiligingsbedriuw Schaaf sil de kentekens noteare fan fertochte auto's. Ek wurde de boskjes mooglik flink snoeid. By Pleatslik Belang Sint Nyk komme de lêste tiid wer in soad klachten fan minsken dy't mei de bern nei it rekreaasjegebiet wolle.

Dat wie reden foar Pleatslik Belang om op 'e nij by boargemaster Kuiper oan de belle te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)