Aksje tsjin hege aksyns

24 jun 2008 - 20:45

Ek in soad Fryske automobilisten binne it net iens mei de ferheging fan de aksyns op disel en LPG. Yn Snits waarden tiisdei de resultaten presintearre fan in enkête dy´t de Bovag hâlden hat op tankstasjons.

90 persint fynt dat de ferheging net trochgean moat. De Bovag hat hûnderten hertekreten fan de ûnderfrege automobilisten op dvd set. Bovag-foarsitter Jan_Ploeg, earder deputearre yn Fryslân, oerlanget dy ynkoarten oan Twadde_Keamer en kabinet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)