Aksje tsjin haven Driewegsluis

25 sep 2006 - 12:02

By de saneamde Driewegsluis by Nijetrine moat gjin jachthaven komme mei 45 plakken. Dat fine de measte minsken dy't by de slûs wenje. Sy binne benaud dat it iepen griene lânskip ferdswynt. Ek soe der hielendal gjin ferlet fan wêze, want no meie boatsjefarders oeral fergees oanlizze.

De omwenjenden sille moandei protestearje by de gemeenterie. Dy sil dan prate oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)