Aksje tsjin geweld op Molukken

30 apr 2002 - 00:00

De Molukse jongerein yn Easterwâlde komt yn aksje tsjin it geweld op Molukken. Doel is om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers. It jild sil safolle mooglik brûkt wurde foar de earste needhelp.

De lêste wiken is it geweld op de Molukken opnij tanommen mei in tal deadlike slachtoffers ta gefolch. De aksje yn Easterwâlde wurdt stipe troch de oare Molukse organisaasjes yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)