'Aksje tsjin gastâlder-regels'

19 feb 2010 - 11:05
  • De nije regels foar gastâlders binne folle strenger

Gemeente Eaststellingwerf wol dat de Fryske gemeenten yn aksje komme tsjin de nije strange regels foar gastâlders. Dy moatte sûnt dit jier oan folle strangere easken foldwaan en mear offisjele diploma's hawwe. Foar in soad gastâlders is dat reden om der mei op te hâlden, yn Eaststellingwerf is dat in kwart. De gemeente is bang dat dit te'n koste giet fan de leefberens op it plattelân. As der minder opfang is, kin âlders minder maklik wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)