Aksje tsjin fersakken huzen

07 des 2009 - 10:38
  • Dizze wenten oan de Balthuskade waarden út foarsoarch stipe
  • Op it plak waard in wand slein foar in nije parkeargaraazje

Trije huzen oan de Balthuskade yn Snits wurde ekstra stipe mei peallen omdat projektûntwikkeler BAM en de gemeente benaud binne foar Amsterdamske tastannen. Achter de Balthuskade wurdt troch de BAM in nije parkeargaraazje en in winkelsintrum boud. Derfoar wurde damwanden yn de grûn slein. De trillings dy't dat meibringt kin foar fersakking soargje oan de Balthuskade.

De BAM hat dêrom soarge foar it stypjen fan de foargevels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)