Aksje tsjin ferhurding mienskip

06 jan 2004 - 00:00

De tsjerken yn Ljouwert komme yn aksje tsjin de 'ferhurding' fan de mienskip. Koartlyn die út in enkête fan it Leger des Heils bliken dat 12 prosint fan de Nederlanners dakleazen sjocht as kwetsbere groep. Fjouwer jier lyn lei dat persintaazje op 24. De tsjerken meitsje har dêr soargen oer.

Sneon wurdt by it ynrinhûs oan yn Ljouwert (Bagijnestrjitte) in protest organisearre. Men kin der in hanteken sette op it "doek van mededogen".

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)