Aksje tsjin bouput Drachten

11 maaie 2011 - 16:06
  • (foto Corrie Grupstra)

Bewenners oan it Raadhuisplein yn Drachten ha har nocht fan de bouput foar de doar. Mei in ludike aksje ha se woansdei omtinken frege foar de problemem. Se diene as wie de bouput in swimbad en sieten mei túnstuollen en parasols oan de kant. Se wachtsje al jierren op de nijbou fan winkels en apparteminten.

De âlde bebouwing is al sloopt en de bouput dy't ûntstien is, leit fol wetter en rotsoai. Op waarme dagen stjonkt it bot en lûkt it miggen oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)