Aksje tsjin bouplan Bakkefean

06 mrt 2009 - 09:13

In groep ynwenners fan Bakkefean komt yn aksje tsjin de nijbouplannen fan WoonFriesland yn it sintrum fan it plak. De groep sil hântekens ophelje om de plannen te kearen. Se binne net tsjin bebouwing, mar fine it gebou dat der komme sil, net passen yn it doarpsbyld.

De aksjegroep hâldt him fêst oan aksjes yn Beetstersweach en De Gordyk. Dêr ha aksjegroepen nijbouplannen ek keare kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)