Aksje tsjin bou flats Ljouwert

17 apr 2006 - 08:18

Sawat 200 minsken fierden sneon aksje yn it sintrum fan Ljouwert tsjin de komst fan trije grutte flats yn it Rengerspark. De flats meitsje diel út fan de nijbouplannen fan de hegeskoallen yn de stêd.

Yn de flats soe wenrûmte komme moatte foar studinten, mar ek foar oare minsken. De gemeente wol de grûn ferkeapje oan in projektûntwikkelder. Neffens de aksjefierders ferdwynt sa it lêste stik iepen grien yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)