Aksje tsjin boarjen Tsjûkemar

14 okt 2009 - 16:09
  • Skea as gefolch fan boarjen

De aksjegroep Tegengas Tsjûkemar út Follegea moat wer oan it wurk. Nei fiif jier fûle striid koene plannen om nei gas te boarjen ûnder de Tsjûkemar keard wurde. Mar no, trije jier letter, liket it wer te begjinnen. Sâltfabryk Vermillion wol op deselde lokaasje proefboarje en gas winne.

As Vermillion de regels yn acht nimt, kin der nei alle gedachten net safolle dien wurde om de boarrings te kearen. It bedriuw wol ek by Dolsterhuzen boarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)