Aksje tsjin bernemishanneling

13 feb 2014 - 13:06
  • Inisjatyfnimmers Riekje Hamstra en Hannie Witteveen

Twa learlingen fan OSG Singelland yn Surhústerfean wolle dat der op basisskoallen mear omtinken komt foar bernemishanneling. Hannie Witteveen en Riekje Hamstra binne dêrom in hantekenaksje begûn. Se kamen der by ûndersyk foar in wurkstik achter dat bernemishanneling amper bepraat wurdt op skoallen.

Beide 15-jierrige learlingen wolle basisskoallen ferplichtsje om twa kear per skoaljier omtinken te jaan oan it ûnderwerp. Boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen stipet it inisjatyf fan Hannie en Riekje en hat yntusken syn hanteken set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)