Aksje tsjin autowrakken

10 okt 2003 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen sil tenei optrede tsjin minsken dy't wrakken op it hiem ha. Der binne noch al wat minsken dy't âlde auto's en trekkers sammelje efter hûs. Wethâlder Van der Veen wol dat dêr in ein oan komt.

Fan de hiele gemeente binne luchtfoto's makke om de dieders op te speuren. Lâneigners krije in brief wêryn stiet dat se de troep opromje moatte. Oars docht de gemeente dat en krije se de rekken presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)