Aksje tsjin autodieverij

01 des 2000 - 11:11

Tytsjerksteradiel is út ein set mei in kampanje tsjin dieverij út auto's. Plysje, gemeente en ek garaazjebedriuwen besykje mei-inoar de stellerij tebek te bringen. Allinne yn Burgum ha dit jier al 76 gefallen west.

Doarpswachten sil kontrolearje oft autodoarren ticht binne en oft der gjin guod yn it sicht leit. Garaazjes jouwe koarting op de ynstallaasje fan alarm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)