Aksje tsjerke foar asylsikers

03 mrt 2004 - 00:00

Yn de grifformearde tsjerke fan De Jouwer wurde tusken woansdei en snein 21 útprosedearre asylsikers opfongen. Sy sille dêr ek ite en sliepe.

Fierder binne der ferskate aksjes om omtinken te freegjen foar harren problematyk. Sa wurde har ferhalen bondele en oanbean oan it gemeentebestjoer fan Skarsterlân. Dêrnei kin noch mear mei dy ferhalen dien wurde, neffens dûmny Cor Waringa fan de tsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)