Aksje SP tsjin containerbedriuw

22 aug 2004 - 13:29

De SP yn Eastellingwerf wol in rjochtsaak begjinne tsjin it bedriuw Container Cleaning Nederlân. Freed wie der in foarljochtingsbyienkomst foar minsken dy't de dupe wurden binne fan de praktiken fan it bedriuw.

Container Cleaning Nederlân slút kontrakten ôf foar it skjinmeitsjen fan ôffalcontainers. Hoewol't it bedriuw wol rekkens ferstjoert, wurde de containers net skjinmakke. Sa'n 500 dupearren hawwe har oanmeld by de SP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)