Aksje soan Schiphol-slachtoffer

25 okt 2006 - 20:22

Der komt in ynsammelingsaksje yn Fryslân foar it soantsje fan Maribel; in frou dy't in jier lyn omkaam by de brân yn it sellekompleks by Schiphol. Maribel wurke yn Ljouwert as prostituee en kaam út de Dominikaanse Republyk.

Organisaasje VluchtelingenCollectief wol mei de aksje har 10-jierrich soantsje Jerry in bettere takomst biede. It jonkje wennet no by syn pake en beppe yn de Dominikaanse Republyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)