Aksje skoalbern foar gymnastyk

28 feb 2002 - 00:00

In 150 skoalbern fan De Homeie en De Foarikker út Britsum fierden tongersdei aksje by it gemeentehûs yn Stiens. De bern fan de beide basisskoallen wolle graach feilich nei har gymnastykles ta.

Winterdeis moatte se dêr in gefaarlike dyk nei it gymlokaal yn Koarnjum oer. Mei min waar is dat gefaarlik en dêrom falle der geregeld lessen út. Boppedat foldocht dat lokaal net oan de easken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)