Aksje 'Skaaf mut blieve'

28 feb 2013 - 12:41
  • Sealesintrum Schaaf

Skaaf mut blieve. Dat is de ynset fan in groep aksjefierders om sealesintrum Schaaf yn Ljouwert fan de ûndergong te rêden. De gemeente Ljouwert hat it eardere teater trije jier lyn kocht, mar wit noch net wat er dermei wol. Der soe eins nijbou komme moatte, mar der is noch gjin projektûntwikkeler fûn mei ynteresse.

De aksjefierders ha fia Facebook al in hiel soad stipe krigen en wolle it behâld fan Skaaf no mei in boargerinisjatyf op de aginda krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)