Aksje SGP-jongeren op Skier

12 sep 2012 - 22:14
  • SGP

De spektakulêre groei fan de SGP op Skiermûntseach komt troch in ludike aksje fan de jongere-ôfdieling fan dy partij. De foarige kear krige de SGP mar fjouwer stimmen op it eilân, wylst dit kear mar leafst 65 minsken op de partij stimden.

De jongere-organisaasje is woansdei mei ûngefear 40 minsken nei it eilân gien om te stimmen. Dat makke de foarsitter fan de jongerepartij woansdeitejûn bekend. It doel fan de aksje wie om sjen te litten dat de partij noch hieltyd groeit. Op Skiermûntseach stimme faker minsken fan bûten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)