Aksje Romte foar Omrop Fryslân

15 des 2012 - 11:03
  • Koster krijt in list mei 50 arguminten 'foar Omrop Fryslân' fan de FNP
  • De aksjefierders hiene ek oranjekoeke mei

FNP, Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân ha sneontemoarn de aksje 'Romte foar Omrop Fryslân' lansearre. De organisaasjes binne de ôfrûne wike skrokken fan de útkomsten fan it mediadebat yn de Twadde Keamer. Steatssiktaris Sander Dekker wol dat de regionale omroppen yntegrearje yn de lanlike publike omrop en tagelyk 25 miljoen besunigje.

FNP, Freonen en Fryske Beweging komme no mei in on-line petysje 'Romte foar Omrop Fryslân'. Direkteur Koster fan Omrop Fryslân is wiis mei de aksje fan de Fryske organisaasjes.

Fan de FNP, dy't dit jier 50 jier bestiet, krige Koster in list fan 50 arguminten foar it behâld fan Omrop Fryslân as selsstannige omrop. Neffens de FNP is it plan om de omrop op te doeken as selsstannige organisaasje yn striid mei ynternasjonale ôfspraken lykas it Hânfêst foar Minderheidstalen. 'Den Haach lit it kear op kear sitte', sei fraksjefoarsitter Annigje Toering fan de FNP. Omdat de oare politike partijen net goed opkomme foar de belangen fan Fryslân oerwaget de FNP om no sels mei te dwaan oan de earstfolgjende Twadde Keamerferkiezings.

De on-line petysje stiet op de aparte aksjesite www.romtefoaromropfryslan.nl. Dy site is sneon on-line kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)