Aksje rêdingsbrigade De Lemmer tsjin hegere tariven

16 feb 2015 - 11:09
  • Swimbad Nij Sudersé

De rêdingsbrigade en de wetterpoloklup op De Lemmer sille kommende woansdei by de gemeenteried ynsprekke oer de nije tariven fan it swimbad. Dy binne neffens de rêdingsbrigade ferdûbele sûnt swimbad Nij Sudersé in nije eksploitant hat. De eardere eksploitant gie fallyt, wêrnei't it bedriuw Akwaak de eksploitaasje oernaam. Neffens de rêdingsbrigade betsjutte de nije tariven in finansjele tsjinfaller fan tûzenen euro's, wêrtroch't guon lessen yn de takomst fuortfalle. Se hoopje dat de gemeente De Fryske Marren noch yngripe kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)