Aksje PvdA'ers oer kandidatelist

28 nov 2002 - 00:00

Binnen de PvdA wurdt aksje fierd om âld-wethâlder De Haan fan Lemsterlân by de earste 10 te krijen op de kandidate- list foar de steateferkiezings. Hy stiet no noch op in ûnferkiesber plak op de saneamde alfabetyske list.

De aksje is in inisjatyf fan de PvdA-ôfdieling Lemsterlân. Dy fynt dat no te min kandidaten út de Súdwesthoeke op in ferkiesber plak steane. Se ferwachtsje in soad stipe út dizze regio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)