Aksje PvdA tsjin lânsdielen

31 mrt 2013 - 15:27
  • PvdA

De Fryske PvdA sil minister Plasterk fan ynlânske saken oproppe om op te hâlden mei it stribjen nei 'superprovinsjes'. De steatefraksje fan de PvdA sil hjirta op it partijkongres fan 27 april in moasje yntsjinje

De Fryske PvdA is op dit stuit noch dwaande om stipe te sammeljen fan oare provinsjale ôfdielings fan de PvdA. As in mearderheid fan de ôfdielings de Fryske PvdA stipet wurdt it foar Plasterk dreech om de plannen troch te setten, tinkt PvdA-steatelid Voigt. Neffens de Fryske PvdA is der gjin draachflak foar 'lânsdielen'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)