Aksje PvdA op Snitswike oer ôfskaffing minimumjeugdlean

03 aug 2015 - 13:31
  • Drokte op terras by Snitswike

PvdA-jongerein sil op de Snitswike aksje fiere foar de ôfskaffing fan it minimumjeugdlean. Se sille oan jongeren freegje oft se lêst ha fan it minimumjeugdlean. It doel is om jongfolwoeksenen, tusken de 18 en 23 jier, op syn minst itselde minimumlean fertsjinje te litten as minsken dy't âlder binne as 23.

Neffens Marco Keizer fan de PvdA-jongerein is de regeling fan it minimumjeugdlean achterhelle. De regeling is yn 1974 ynfierd en past neffens Keizer net mear by de situaasje fan hjoed-de-dei.

De PvdA-jongerein slút har oan by de beweging Young&United. Dy is al moannen dwaande om it mimimumjeugdlean ôf te skaffen en ha dêrfoar al 140.000 hantekeningen ophelle. Se wiene yn april lanlik nijs, doe't in jeugdige meiwurker fan de Albert Heijn de oandielhâldersfergadering fan Ahold fersteurde om te ferkundigjen dat hy him útklaaid fielde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)