Aksje provinsjehûs om CAO

14 feb 2010 - 10:16
  • Aksjes op it provinsjehûs....

De fakbûnen diele moandeitemoarn pamfletten út by de yngong fan it provinsjehûs yn Ljouwert. Dêryn wurde meiwurkers fan de provinsje oproppen om nei in aksjebyienkomst te kommen. Dy is tiisdeitemiddei yn de steateseal fan it provinsjehûs.

Op de byienkomst wurde se bypraat oer de stân fan saken oangeande har CAO. De fakbûnen kinne it mei de provinsjebestjoeren net iens wurde oer dy CAO. De aksje yn Ljouwert is ûnderdiel fan aksjes yn it hiele lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)