Aksje Prins by PvdA-kongres

27 apr 2013 - 10:38
  • Staking Prins Dokkum

Wurknimmers en har froulju fan Prins Dokkum fiere sneontemoarn aksje by it lanlike PvdA kongres yn Ljouwert. Sy diele pamfletten út by it WTC hotel dêr't it kongres is. It fangrailfabryk wurdt mei sluting bedrige troch it Noarske memmebedriuw. De fakbûnen en wurknimmers binne it der net mei iens. Koartlyn mislearre it ôfsluten fan in sosjaal akkoart noch.

De PvdA-kongresgongers wurde oproppen de meisizzenskip yn lytse bedriuwen te ferbetterjen en de regels foar ûntslach te feroarjen by it UWV.

De froulju fan de wurknimmers fan Prins Dokkum sille kommende woansdei tusken 13.00 en 15.00 oere wer protestearje by de yngong fan it bedriuw. Sy fine dat de direkteur ûnmooglike betingsten stelt oan de wurknimmers as dy it sosjaal plan akseptearje. Sy moatte dan ôfstân dwaan fan de rjochten dy't yn de CAO regele binne. As protest wurde foto's fan de wurknimmers op it stek hongen, omdat de froulju fine dat sy gjin stim mear hawwe. De fakbûnen sille der ek by wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)