Aksje personielsbelied Aldi

13 jan 2004 - 00:00

By supermerken fan Aldi yn Drachten en op It Hearrenfean wurdt woansdei aksjefierd tsjin it personielsbelied fan it konsern. De aksje is opset troch de Socialistische Partij. Doel is om de klanten op de hichte te bringen fan de minne behanneling fan de wurknimmers fan foaral de distribúsjesintra.

It Aldi-konsern wegeret bygelyks om mei fakbûnen te praten. De SP is net fan doel om de klanten op te roppen net mear by de Aldi te keapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)