Aksje personiel Wetterskip

26 mrt 2010 - 17:27

It personiel fan Wetterskip Fryslân sil kommende tiisdei in petysje oanbiede oan dykgraaf Paul van Erkelens. Se wolle dat der gau in nije CAO komt foar it Wetterskipspersoniel.

Neffens de aksjefierders is de nije CAO der noch net om't de Uny fan Wetterskippen wegeret har te hâlden oan it sosjaal akkoart fan begjin 2009. Hjiryn hawwe it kabinet, wurkjouwers en bûnen ôfspraken makke oer minimale leanûntwikkelings yn ruil foar behâld fan wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)