Aksje Pal/GrienLinks oer Saailân

11 maaie 2006 - 16:54

De riedsfraksje fan Pal/GrienLinks yn Ljouwert komt mei in kampanje yn it ramt fan it referindum oer it Saailân. It giet dan net allinnich oer in nij Fries Museum op it Saailân, mar ek oer de oanlis fan in winkelwand.

Pal/GrienLinks fielt neat foar sa'n winkelslurf. It soe in oantaasting wêze fan it karakter fan de binnenstêd fan Ljouwert. It referindum is op 24 maaie. De útkomst telt allinnich as genôch minsken stimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)