Aksje by Open Universiteit

25 feb 2003 - 00:00

Aksjefierders ha tiisdei it it stúdzjesintrum fan de Open Universiteit yn Ljouwert beset. De fiif meiwurkers wolle lang om let witte oft it sintrum yn septimber tichtgiet. De Open Universiteit wol seis sintra slute. Mooglik komt yn Ljouwert in stipepunt.

De meiwurkers binne lilk dat it haadkantoar yn Heerlen gjin dúdlikheid jout oer de takomst fan de Ljouwerter festiging. Se hâlde dêrom it stúdzjesintrum beset oant se mear witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)