Aksje op De Wâldsang

17 jan 2009 - 14:09
  • Bern meitsje muzyk foar it goede doel

Muzykskoalle De_Wâldsang fan Bûtenpost is freed begûn mei in maratonaksje. Der binne optredens en lessen dêr't de learlingen har foar sponsorje litte.

De opbringst fan de aksje dy't 24 oeren duorret, giet nei in muzykskoalle yn Litouwen, mar ek nei De Wâldsang sels. De muzykskoalle bestiet fjirtich jier en wol in jubileumkonsert hâlde, mar kin wol wat ekstra jild brûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)