Aksje om ûntslaggen Accon AVM

05 mrt 2013 - 20:57

De fakbûnen beskuldigje boekhâlderskantoar Accon AVM fan it ûntslaan fan meiwurkers ûnder falske motiven om sa ûnder in reorganisaasje út te kommen. It fakbûn krijt al oardel jier earnstige klachten oer hoe't it bedriuw mei de meiwurkers omgiet. Minsken dy't jierrenlang goeie beoardielings krigen, wurde ynienen min beoardiele en krije dan fuortendaliks ûntslach.

Ek stiet der in 'ûntslachlist' op it yntranet mei nammen fan minsken dy't fuort moatte, mar guon meiwurkers hiene dat hielendal net fan de baas te hearren krigen, seit it bûn.

Tiisdei hawwe meiwurkers, benammen út it Noarden, hantekens oerlange út protest oer de wurkwize. De fakbûnen fine dat Accon AVM iepen kaart spylje moat oer de ûntslaggen en trune oan op in sosjaal plan. Accon AVM wurket oer it hiele lân. Yn Fryslân hat it bedriuw acht kantoaren, mei foaral boeren en middenstanners as klanten. De bûnen slute mear aksjes net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)