Aksje om Roma te helpen

22 des 2009 - 16:55

De nije stifting 'Gewoon helpen' yn Drachten wol in jong echtpear út Roemenië de kâns te jaan werom nei har lân te gean. It giet om Sava en Ramona dy't hjir trije jier ferlyn kommen binne omdat se yn Roemenië net oan de kost komme koene. Ek omdat se Roma, sigeuners, binne. Mar it slagget ek net yn Nederlân. Wurkje meie se net.

De dakleazekrante ferkeapje mei wol en dat dogge se dan ek. De stifting wol 10.000 euro ophelje foar de oankeap fan in bus en wat jild om fan te libjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)