Aksje om rinnende nei skoalle

17 sep 2009 - 15:55

48 Skoallen yn Fryslân diene tongersdei mei oan de aksje 'Op voeten en fietsen naar school'. Veilig Verkeer Nederland hâldt dizze aksje om te soargjen dat bern rinnende of mei de fyts nei skoalle geane en dus net brocht wurde yn de auto.

Skoalbern leare sa mei ferkearssituaasje omgean en der steane sa ek minder auto's by de skoalle stean dat wer goed is foar de feiligens en foar it miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)