Aksje om de rjochtbanken iepen te hâlden

03 nov 2015 - 14:03
  • De rjochtbank yn Assen

De Nederlânske Feriening foar de rjochtspraak (NVvR) is in petysje starten om sân rjochtbanken yn ús lân iepen te hâlden. Yn it noarden giet it om Assen. Ljouwert soe wol in folsleine rjochtbank hâlde. De Raad voor de Rechtspraak moat bot besunigje en kaam dêrom earder dit jier mei it plan om sân fan de 32 rjochtbanken te sluten. Mar de plannen rôpen grut ferset op. Op oantrunen fan de Twadde Keamer binne de besunigings foarearst útsteld.

De NVvR brûkt dit útstel no om safolle mooglik hântekens tsjin de sluting te sammeljen.

De petysje wurdt oanbean in de Keamerkommisje Feiligens en Justysje. Sjoch hjir foar de petysje. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)