Aksje om âlderein better en sûner ite te litten

03 jun 2015 - 21:24

Alderen krije troch besunigings yn de soarch hieltyd minder goed en sûn iten. Benammen as se allinnich wenje, stappe se net de keuken yn om in goed miel klear te meitsjen. Dat seit Jurjen Keijl fan soarchgroep Tellens. Dêrom organisearret Tellens jûnen foar âlderen om mei elkoar iten te sieden en op te iten. Dêrby wurde benammen streekprodukten brûkt.

Woansdei wie der sa'n kulinêre jûn yn de Frittemahof yn Snits.

Hast hûndert bewenners en âlderen út de wyk kamen mei help fan de ferneamde kok Reitse Spanninga yn aksje en makken selfs harren iten klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)