Aksje nei klachten oer Durio

14 jul 2004 - 17:54

It konsumintebûn komt yn aksje om minsken mei klachten oer enerzjybedriuw Durion te helpen. Durion is ek aktyf yn Fryslân sûnt de enerzjymerk frijjûn is. De klachten geane foaral oer hoe't Durion klanten wint. Durion bellet minsken en in pear dagen letter leit der in kontrakt yn 'e brievebus.

Neffens it konsumintebûn ha minsken net yn 'e gaten dat se in kontrakt sletten ha. It konsumintebûn krige tsientallen klachten út Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)