Aksje meiwurkers tankstasjons

19 sep 2011 - 11:28

Meiwurkers fan Fryske tankstasjons wurde troch de fakbûnen oproppen om har klear te meitsjen foar aksjes foar in better lean. Koeriers fan FNV Bondgenoten binne moandei begûn mei it fersprieden fan folders by alle tankstasjons.

De ûnderhannelings foar in nije CAO driigje fêst te rinnen, omdat de wurkjouwers mei har leanbod noch ûnder it nivo fan de ynflaasje sitte. It tal fakbûnsleden by de 500 meiwurkers fan Fryske tankstasjons is mar lyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)