Aksje majorettes foar EK

30 apr 2013 - 12:03
  • Ien fan de optredens fan de majorettes fan Oranje

De famkes fan de majorette yn Boalsert gripe de Keninginnedei oan, om jild yn te sammeljen foar it EK yn Noarwegen. Yn maart binne de famkes - fan 7 oant 9 jier - fan muzykferiening Oranje Nederlânsk kampioen wurden. Dêrnei binne se útnoege om har keunsten op muzyk yn Lillehammer te fertoanen.

Mar dêr is wol 30.000 euro foar nedich, en dat is der noch lang net. Omdat it om sokke jonge famkes giet, wol de muzykferiening dat der foar elts famke ek in heit of mem mei giet. Dat betsjut wol dat de kosten heger wurde.

Yn Boalsert joegen de majorettes tiisdei in pear demonstraasjes fan harren sjo. De EK-kommisje hat ek al aksjes pland op pinkstermoandei mei de fytsalvestêdetocht. Ek is der op 1 juny in bazaar yn it ferieningsgebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)