Aksje by Lidl It Hearrenfean

24 apr 2014 - 16:55
  • It oanbieden fan de petysje by it distribúsjesintrum fan Lidl

Wurknimmers fan it distribúsjesintrum fan Lidl op It Hearrenfean fierden tongersdei aksje foar bettere wurkomstannichheden. De wurknimmers fine ûnder oare dat se tefolle oerwurkje. Se wolle ek dat de lieding minder druk útoefenet op de meiwurkers. 140 meiwurkers hawwe in petysje oerlange oan de distribúsjemanager Arnold Hassing.

Ek wolle de meiwurkers in ûndersyk nei it voice picking systeem. Yn dit systeem moatte meiwurkers mei in monotone stim trochjaan oft se de goeie oarder ha. It systeem soe lichaamlike klachten feroarsaakje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)