Aksje-kuiertochten om Ljouwert

29 maaie 2004 - 00:00

Fyftich minsken ha meidien oan de aksje-kuiertochten om Ljouwert hinne, organisearre troch Miljeudefinsje, Doarpsbelangen en ferskate belangegroepen. De organisaasje wol dielnimmers dúdlik meitsje dat de iepen romte om Ljouwert hinne gefaar rint.

Dat soe barre troch de oanlis fan de diken Noardwest Tangent en de Heak om Ljouwert. Miljeudefinsje organisearret yn it hiele lân 20 fan sokke tochten ûnder de namme 'Hollandse hartstocht'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)