Aksje klups troch ynbraken

07 jan 2011 - 17:10

Ljouwerter fuotbalklups moatte elkoar helpe om it grut tal ynbraken en fernielings op de sportkompleksen tsjin te gean. Dat seit foarsitter Syb Bosma fan Frisia. Foar de fjirde kear yn koarte tiid is der by syn feriening ynbrutsen en binne der saken fernield.

Bosma tinkt oan it mienskiplik ynkeapjen fan befeiligers of in meldsysteem. It bestjoer rûst de skea fan de ynbraken en fernielings op in lytse tsientûzen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)