Aksje Itens tsjin frachtweinen

23 aug 2012 - 11:32
  • Itens
  • Itens

Itens komt yn aksje tsjin de grutte frachtweinen dy't de kommende seis wike troch it doarp denderje. Der binne foto's fan de wenten oan de Hearedyk makke, sadat de bewenners bewize kinne dat der no noch gjin skuorren yn de muorren sitte.

It giet om tachtich grutte frachtweinen deis dy't baggerslib ôffiere moatte út it slibdepot Meilahuzen. De frachtweinen ride hinne en wer en kinne elkoar net passeare op de smelle Hearedyk. Woansdei hawwe de bewenners byelkoar sitten om deroer te praten.

Fierder is der in oantekene brief nei de provinsje en de útfierder stjoerd mei in driging op claims as der aanst skea oan de wenten is.

De provinsje kin him yntinke dat se der yn Itens net bliid mei binne. Mar de bagger moat der wei en kin net oer it wetter of fia in oare rûte ferfierd wurde. Wol sil de provinsje derfoar soargje dat se der yn it doarp sa min mooglik lêst fan ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)