Aksje: Húsdokters dei ticht

24 sep 2011 - 12:15

De measte húsdokterpraktiken yn Fryslân binne tongersdei 6 oktober nei alle ferwachting in dei ticht. Dit yn ferbân mei de foarstelde besunigings op de húsdokters fan 132 miljoen troch minister Schippers. It giet dan fral om besunigings yn de basissoarch.

De húsdokters sille op 6 oktober yn Amsterdam meidwaan oan in lanlike manifestaasje tsjin de besunigings. Neffens Jan Boer fan de Fryske húsdokters is it fan grut belang dat de basissoarch yn stân bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)