Aksje Huitema tsjin boykot

18 sep 2014 - 19:25
  • Poaters, ek wol setters neamd

Europarlementariër Jan Huitema fan Makkingea hat yn it Europeesk Parlemint it inisjatyf naam om de effekten fan de Russyske boykot te fersachtsjen. Steatssekretaris Dijksma pleitet derfoar om meidingingsregels tydlik op te heffen. Huitema wol besykje om dit op Europeesk nivo ek foar elkoar te krijen en hat hjir skriftlike fragen oer steld. Syn fraach wurdt stipe troch de koördinatoaren fan de grutste fraksjes. By de kommende ynformele lânbouried yn Milaan sil Huitema dit punt ek ûnder de oandacht bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)