Aksje: "Help Jos en Lieneke"

29 jan 2001 - 18:21

Penjum komt massaal yn aksje foar Jos en Lieneke Duindam. Alle ynwenners sammelje foar de famylje guod yn. Yn 'e tuskentiid is der al in needwenning oabean, it âlde doarpscafé. Frijwilligers binne drok dwaande de wenning op te kreazen.

It echtpaar ferlear al har besittings ôfrûne tongersdei by in grutte brân. De Duindams wolle sa gau mooglik de pleats wer opbouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)