Aksje: Guozzen op it board

03 nov 2014 - 16:05
  • Deputearre Kramer dumpt in deade goes yn in frieskast by Wytgaard

Guozzefleis op de menukaart of yn it koelfak yn 'e winkel. De provinsje stekt jild yn in proef dy't der foar soargje moat dat guozzefleis faker op it board fan 'e konsumint komt. Op guon plakken yn Fryslân meie jagers guozzen sjitte, omdat de bisten oerlêst feroarsaakje. It giet alle jierren om tsientûzenen guozzen dy't út 'e loft sketten wurde.

Mei in grut part fan dit fleis wurdt neat dien. Wiebe Zijlstra, foarsitter fan jagersferiening Fryslân, fynt dat skande. Hy is dan ek wiis mei de proef Guozzen op it board.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)